Kuiereksposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’: dichtbondels oan de bûtenkant
Tongersdei 13 novimber yn de biblioteek op Skiermûntseach, iepenet Dichter fan Fryslân (DfF) Arjan Hut, de troch him gearstalde eksposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties. De DfF socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden. Yn gearwurking mei it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse nimt de Dichter fan Fryslân jo mei op in kuier oer it eilân lâns in seleksje fan de tentoanstelde affysjes en ljochtet er in tal dichters út troch in foardracht út harren wurk. De literêre kuiereksposysje is ek noch te belibjen op freed 14 of snein 16 novimber. Mear ynfo en tickets fia Meet me at the Lighthouse.