Foto: Istock

Kinderboekenweek 2021: wurde watsto wolst

6 oktober 17 oktober 2021

Elts bern kin wurde wêr’t it fan dreamt. Dêrom is it tema foar de Berneboekewike dit jier: wurdo watsto wolst. Want boeken binne in ûnútputlike boarne om oer bygelyks beroppen nei te tinken en te fantasearjen oer watsto letter wurde wolst as’t grut bist. Njonken alle Nederlânsktalige (printe)boeken binne der ek in hiel soad Fryske boeken dy’t oanslute by it tema. Wy hawwe de moaiste titels hjir foar dy op in rychje setten. De Kinderboekenweek is de grutste lêsbefoarderingskampanje foar bern yn Nederlân en hat as doel om safolle mooglik bern entûsjast te meitsjen om boeken te lêzen. Mear ynformaasje fia www.cpnb.nl.