Lansearring nije taalgame Twastriid!

23 maaie

Twastriid is in game wêryn’t de Frysk stavering sintraal stiet en dy’t spesjaal ûntwikkele is foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis (mar ek hiel leuk is foar alle oaren dy’t Frysk leare). Fannemiddei wurdt de game lansearre yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel. Learlingen fan ferskillende skoallen geane mei-inoar de striid oan yn in op de game bassearre spulshow. Mooglik dat it noch lang ûnrêstich bliuwt oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert … Mear ynformaasje oer Frysk yn it FU en de metoade Searje36 fynst hjir.