Lansearring podcast Boekekast

26 septimber

Hielendal hip en booming op it stuit: de podcast. Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân hawwe mei-inoar de podcastsearje Boekekast opsetten. Yn Boekekast wurdt alle wiken in oar Frysk ferhaal as podcast brocht. Alles mei it doel de Fryske literatuer ris op in oare manier ûnder de oandacht te bringen. Hjoed, de dei fan de memmetaal, wurdt de rige lansearre. Fan snein 29 septimber ôf is dan alle sneins in nije podcast te hearren fia www.omropfryslan.nl/podcast.