Kampanjebyld ‘Sprekende stenen’

Lansearring ‘sprekende stenen’

30 juny

Sprekende stenen is in literatuerprojekt oer iensumens, dat ûnderdiel is fan it programma Over de drempel fan de gemeente Ljouwert. Fiif skriuwers giene yn petear mei minsken dy’t troch ferskillende oarsaken yn oanrekking kommen binne mei iensumens. Dat hat in tal ynnimmende ferhalen opsmiten. Dizze kinst beharkje yn it sintrum fan Ljouwert, tusken de minsken yn, want iensumens heart nammentlik by de minske, by minsk-wêzen. Mear ynfo: leeuwardencityofliterature.nl