Lês-mar-foar-wiken

9 septimber 27 septimber 2024

Alle jierren yn septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken organisearre. Dêrmei wurdt omtinken frege foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier. Oeral yn Fryslân wurdt (ekstra) foarlêzen yn it Frysk: op de berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús!
Foar de pjutten ferskynt yn it tema ‘eigenwiis’ in nij Tomke-boekje, foar de âldere bern (4 o/m 8 jier) ferskynt in nij Keimpe-boekje yn itselde tema. Dêrneist wurde der ferskate foarlês-, teäter-, dûns-, en sjongaktiviteiten organisearre yn de biblioteken fan Fryslân. Mear ynformaasje fynst op lesmarfoar.frl.