Lês mar foar, foto: Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke

Lês-mar-foar-wiken

1 septimber 26 july 2025

Fan 1 oant en mei 26 septimber 2025 binne it wer de Lês-mar-foar-wiken! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? En it is ek nochris in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. It tema fan dit jier is ‘aventoer’. In werkenber tema foar eltsenien dy’t mei jonge bern te krijen hat! Mear witte? Meidwaan? Lês der alles oer op lesmarfoar.frl.