LêsNo: de kick-off

7 jannewaris

Yn ferbân mei it minne waar, giet de kick-off hjoed net troch – Yn it ramt fan lêsbefoardering en literatueredukaasje wurdt jongerein yn it earste learjier fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân, stimulearre om jierliks in Frysk boek te lêzen om dêrmei de wille yn it (Frysk) lêzen te ûntdekken en te fergrutsjen. Dat is yn ‘t koart wêr’t LêsNo foar stiet. Om dit te berikken wurdt alle jierren spesjaal foar it projekt – én dizze spesifike doelgroep –  in boek skreaun en dêrby oansprekkend lesmateriaal ûntwikkele. Underwilens bestiet LêsNo 12 jier en dogge der de lêste jierren sa’n 5000 learlingen mei oan it projekt dat troch hieltyd mear dosinten Frysk wurdearre wurdt. Fan ‘t jier is de kick-off fan it projekt op Comenius Zamenhof yn Ljouwert. Alle brêgeklassers krije dan it boek ‘Maten foar altyd’ fan Thys Wadman. Lês en ûntdek mear op de webside lesno.nl.