Reitze J. Jonkman & Arjen P. Versloot by de boekpresintaasje fan harren nije boek ‘Het Friese ‘Nederduits’.

Lêzing Reitze Jonkman en Arjen Versloot oer ‘Het Stadsfries’

23 maart

Koartlyn ferskynde it boek Het Friese ‘Nederduits’ troch taalwittenskippers Reitze Jonkman en Arjen Versloot. Ek it Leeuwarders, ien fan de farianten fan it Stedsfrysk, komt yn dit boek wiidweidich oan ‘e oarder. De ea sa prestizjeuze stedstaal fan de Fryske elite waard letter rekkene as stedsdialekt mei in lege sosjale status. Hokker histoaryske ûntwikkelings binne hjir de oarsaak fan en hokker ûnderlinge taalkundige beynfloedingen fan it Nederdútsk út de 16de en 17de iuw en it doetiidske Frysk binne yn de hjoeddeistige wurdskat fan de stedsdialekten en fan it Frysk oan te wizen? Hoe’t dit sit, wurdt útlein by dizze lêzing. Lokaasje: HCL, tiid: 14:00 oere. De tagong is fergees, graach wol efkes oanmelde.