Fryske Boekewike: lêzingen Kadoboek 2025
Oan ’e ein fan de oere is it Kadoboek, skreaun troch Anne-Goaitske Breteler, foar de Fryske Boekewike 2025. It fertelt it oangripende ferhaal fan de fjouwer bern fan de famylje Zwart út Moddergat. Yn de Boekewike jout Breteler in tal nijsgjirrige lêzingen wêryn’t de personaazjes fan de famylje Zwart op in oansprekkende wize ta libben komme – yn wurden, bylden én unyk fideomateriaal. Yn in programma fan in oere wurdt it publyk meinommen yn it bysûndere libben fan in húshâlding dy’t net fergetten wurde mei. Te sjen en te hearren op It Hearrenfean (10/11), Burgum (12/11), Balk (13/11) en Nes (14/11). Mear witte? Sjoch dan by ‘aktiviteiten’ op fryskeboekewike.nl.