Ilja Leonard Pfeijffer, Boekenweek 2022 © Keke Keukelaar

Literêre jûn Boeken fan Fryslân mei Ilja Leonard Pfeijffer

16 april

Om 19.30 oere yn de Westerkerk yn Ljouwert: literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022: Ilja Leonard Pfeijffer. Pfeijffer wûn yn 2014 mei syn roman La Superba de Libris Literatuerpriis. Foar dyselde priis waard hy yn 2019 nominearre mei syn roman Grand Hotel Europa. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Jetske Bilker de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk. Tidens dizze jûn wurde sawol de skriuwer fan it Boekenweekgeschenk én haadgast Ilja Leonard Pfeijffer, as de oersetter, Jetske Bilker, ynterviewd. Mear ynformaasje én ticket-ferkeap op boekenfanfryslan.nl – UTFERKOCHT!