foto: Tresoar

Literêre middei mei Jetske Bilker yn Tresoar

18 oktober

Hjoed is de presintaasje fan de Nederlânske oersetting fan Spegel en sonde, de roman dêr’t Jetske Bilker yn 2023 de heechste literêre ûnderskieding fan Fryslân foar krige: de Gysbert Japicxpriis. Elkenien is wolkom by dizze feestlike middei, dêr’t Jetske Bilker en fakgenoate Vrouwkje Tuinman op foardrage sille en ynterviewd wurde troch sjoernaliste Kirsten van Santen. Yn it wurk fan beide skriuwsters komme tema’s as leafde, âlderdom en demintens foarby. Ek wurdt dy middei it keunstwurk ûntbleate dat diel útmakket fan it winnen fan de priis. Tiid: 14:30-15:30 oere. Mear ynformaasje en oanmelden.