Live útstjoering ‘Wurden fan Gysbert troch Hiske’

17 juny

Hjoed fan 16.00 oere ôf live by Omrop Fryslân: de release fan de nije dûbeld-cd ‘Wurden’ fan komponiste/sjongeres Hiske Oosterwijk. Foar ‘Wurden’ sette sy wurk fan de 17e- iuwske dichter Gysbert Japicx op nije muzyk. Yn de Broeretsjerke yn Boalsert sjongt Hiske Oosterwijk  mei ferskate musisy live in tal lieten. Ek wurdt de nije fideoklip presintearre. In gearwurking fan Gysbert Japicx Holckema Stichting, Tresoar, Leeuwarden UNESCO City of Literature, Kultuerhistoarysk sintrum De Tiid en ZenneZ Records.