© Mirjan van der Meer

Ljouwert City of Literature siket ferhalen oer skientme

17 septimber

Foar it projekt Utsteld lok siket Ljouwert UNESCO City of Literature hûndert ferhalen oer skientme. De deadline foar it ynstjoeren fan ferhalen is 17 septimber. Utsteld lok is yn it foarjier fan 2022 ûnderdiel fan keunstmanifestaasje Arcadia. Der wurde dan – ynspirearre troch it 14e iuwske masterwurk Decamerone – yn hûndert dagen hûndert ferhalen ferteld, skreaun troch (semi)professionele skriuwers út Fryslân, Nederlân en dêrbûten. Mear ynformaasje fynst op www.leeuwardencityofliterature.nl.