Ljouwert UNESCO City of Literature op festival Explore the North
Fan 24 oant en mei 26 novimber binne op festival Explore the North yn Ljouwert ferskate programmaûnderdielen fan Ljouwert UNESCO City of Literature te sjen. Ferdjipje dy tegearre mei oaren hearlik in oere yn it wurk fan in skriuwer, kom nei it ynrinsprekoere fan de Culturele Apotheek yn de Stadskas foar in persoanlik lêsadvys, harkje nei Kirsten van Santen yn petear mei Juhani Karila, of kom nei de Literêre performance: De ein set útein. Foar al dizze programmaûnderdielen is it nedich in kaartsje foar it festival te keapjen op www.explore-the-north.nl. Dêr stiet ek it folsleine festivalprogramma.