Foto: Majanka Fotografie

Lokaasjefoarstelling Kneppelfreed: in teätraal proses oer de Fryske identiteit

29 oktober 28 novimber 2021

Net allinne Fedde Schurer stie terjochte op 16 novimber 1951, mar ek de Fryske identiteit. In proses oer de posysje fan it Frysk yn de rjochtseal dat útrûn op in histoaryske oproer. Santich jier letter is Kneppelfreed oanlieding foar in bysûndere foarstelling. Fan 29 oktober oant 28 novimber 2021 spilet Kneppelfreed op in bysûndere lokaasje, yn it ymposante Paleis fan Justysje yn Ljouwert. Sjoch foar mear ynformaasje en kaarten op Kneppelfreed.frl.