Lunch-lêzing Hessel de Walle by Tresoar
Hessel de Walle fertelt oer de lange wei nei earwerstel fan fersetsfrou Esmée van Eeghen. Op 11 april ferskynde nammentlik syn boek ‘Verzetsvrouw Esmée van Eeghen: van een kort leven en een lange weg naar eerherstel’. By de lêzing is ek boekferkeap oanwêzich troch de Afûk. It aldernijste boek fan Hessel de Walle is dan fansels ek te keap.
De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing. Oanmelde kin fia de website fan Tresoar.