Lunchlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’ De opkomst fan de treddepersoansoansprekfoarm
Yn Fryslân kinst ien net allinnich mei ‘do’ of ‘jo’ oansprekke, mar ek yn de tredde persoan, lykas yn ‘Mem, kin mem my helpe?’ Dat bart faak yn de famyljesfear, mar komt ek foar op de wurkflier of op skoalle, lykas in studint dy’t oan Gerbrich freget: ‘Hat Gerbrich de tentamens al neisjoen?’ Dy gewoante makket de Fryske oansprekfoarmen in nijsgjirrich ûnderwerp fan ûndersyk. Want wêrom gjin ‘do’ of ‘jo’? Yn de lunchlêzing dy’t Gerbrich de Jong hjoed hâldt, lit se sjen hoe’t dy oansprekfoarm brûkt waard yn de tiid fan it Midfrysk en Nijfrysk. De literêre kolleksje fan Tresoar wie foar har datasamling fan grutte betsjutting, sawol foar it Midfrysk as foar it Nijfrysk (nei 1800). Mear witte? Sjoch op tresoar.nl.