Lunchlêzing Suzanna Jansen by Tresoar

15 maaie

Yn dizze lunchlêzing sketst masterferteller Suzanna Jansen de ôfrûne iuw út in nij perspektyf wei: dat fan de frou. Oanlieding is har nije boek: De omwenteling of de eeuw van de vrouw. By de lêzing is ek boekferkeap oanwêzich troch de Afûk. It aldernijste boek fan Suzanna Jansen is dan fansels ek te keap.
De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing. Mear ynformaasje en oanmelde fia de website fan Tresoar.