Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust (Lyts Frysk Diktee 2019)

Lyts – en Grut Frysk Diktee

21 april

Yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert soene fannemiddei de bêste Frysk skriuwende skoalbern it tsjin inoar opnimme yn it Lyts Frysk Diktee en fannejûn dyjingen dy’t har dêr foar kwalifisearre hawwe, yn it Grut Frysk Diktee. Spitigernôch kin it evenemint troch de koronakrisis net trochgean. It Lyts Frysk Diktee wurdt takom jier (2021) op ‘e nij organisearre. It Grut Frysk Diktee is foarearst ferpleatst nei 16 juny 2020. Mear ynfo en nijs op www.fryskdiktee.nl.