Foto website Inspirerend Meertalig Onderwijs

Masterclass Berneboekewike

10 septimber

Hjoed is it wer tiid foar de Masterclass Berneboekewike. Alle jierren fersoarget Ynspirearjend Meartalich Underwiis, in pear wiken foar de Kinderboekenweek, in Masterclass Berneboekewike foar leararen, taal- en lêskoördinatoaren en lêskonsulinten. Der is in ynspiraasjemerk, de skriuwers fan de boeken komme te sinjearjen, der is muzyk, toaniel en in tal wurkwinkels. Koartsein: in middei foar moeting en ynspiraasje opdwaan om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean. Mear ynformaasje fynst hjir.