Masterclass én workshop oer it boek ‘Kening & Kening’
Dit jier fiert it wrâldferneamde printeboek Kening & Kening in jubileum, it bestiet 25 jier! Om dêr by stil te stean jouwe beide makkers, Linda de Haan en Stern Nijland, in masterclass én in workshop. Yn de masterclass nimme de auteurs dy mei yn de skiednis fan Kening & Kening. Dit earste LHBTIQ+ boek foar jonge bern is yn hiel wat talen oerset, tsjinne as ynspiraasje foar ferskillende produksjes, fan iepenloft oant ballet en brocht de makkers in soad moetingen. Dêr fertelle se oer en ek fertelle se hoe’t se it printeboek makke hawwe. Nei de masterclass folget in workshop en kinst sels oan de slach. Tusken de bedriuwen troch is der boeke-ynspiraasje en ferkeap troch de Afûk. Mear ynformaasje en oanmelden fia tresoar.frl. Fol=fol!