Memmetaal op it Noordelijk Filmfestival

5 novimber 9 oktober 2025

It Frysk ferstiet it grutste part fan de besikers fan it Noordelijk Filmfestival wol. Mar hoe sit dat mei it Baskysk, Sami, Katalaansk, Kannada, Papiamentu of Sardysk? Foar it tredde jier op rige presintearret it Noordelijk Filmfestival in seleksje films út lytse taalgebieten fan oer de hiele wrâld. Yn gearwurking mei ûnder oaren it NPLD en provinsje Fryslân wurde der ek meardere panels, petearen en ynliedingen fersoarge dy’t geane oer ferskate aspekten fan it meitsjen fan in film yn in minderheidstaal, en oer it belang en de impact fan in memmetaal as utering fan de (kulturele) identiteit. Sjoch foar de folsleine programmearring op noordelijkfilmfestival.nl.