Moanne fan de skiednis

1 oktober 31 oktober 2025

Oktober is de ‘Maand van de Geschiedenis’, in grut lanlik evenemint dat dit jier foar de 22ste kear organisearre wurdt. Ut it ferline wei kinst it hjoed better begripe en sa ek in better begryp foarmje fan dysels, dyn eftergrûn of omjouwing. Begryp liedt ta ynsjoch, nuansearring en mooglik in oare ‘kijk’ op ‘e wrâld. By in hiel soad musea, biblioteken, boekhannels, argiven en oare kulturele ynstellings is der dêrom dizze moanne omtinken foar de moanne fan de skiednis. Yn de Afûk boekwinkel en websjop fynst in romme kolleksje boeken oer de skiednis fan Fryslân, histoaryske fiksje en non-fiksje! Mear ynfo oer de moanne fan de skiednis op maandvandegeschiedenis.nl.