Foto: Chris van Houts

Nasjonale âlderendei: tiid foar it foarlêslunsjferhaal

4 oktober

Op ‘Nationale Ouderendag’ wurdt fan ‘t jier foar de 7e kear de ‘Voorleeslunch’ organisearre. Bekende en ûnbekende Nederlanners lêze dan yn it hiele lân foar oan âlderein. Mei de ‘Nationale Voorleeslunch’ wol de Leescoalitie sjen litte dat foarlêzen ek foar âlderen in noflike en ferbinende aktiviteit wêze kin. Sûnt in pear jier wurdt it foarlêslunsjferhaal ek oersetten én foarlêzen yn it Frysk. It ferhaal fan dit jier is skreaun troch Maarten Spanjer. Boargemaster Buma fan Ljouwert sil it op tongersdei 17 oktober yn it Frysk foarlêze oan de bewenners fan Abbingahiem.