Nasjonale Berneboekewike 2022

5 oktober 16 oktober 2022

Dizze wike is it ‘Kinderboekenweek’ yn Nederlân. Fan ‘t jier is it tema ‘Gi-Ga-Groen’. Fansels is der ek dit jier wer in berneboekewikegeskink. Dizze kear is dat in ferhaal út de rige De Waanzinnige Boomhut fan de populêre bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton. Bysûnder is dat it geskink dit jier foar it earst ek yn in Fryske oersetting te krijen is! By besteging fan op syn minst € 12,50 oan berneboeken krigest it boekewikegeskink kado fan de boekhannel. De ‘Kinderboekenweek’ is in kampanje fan de CPNB.