Nasjonale Boekewike 2023

11 maart 19 maart 2023

De Nasjonale Boekewike 2023 hat as tema ‘Ik ben alles’ en fynt plak fan sneon 11 oant en mei snein 19 maart. Lize Spit skriuwt it Boekenweekgeschenk en Raoul de Jong nimt it Boekenweekessay foar syn rekken. Lykas foargeande jierren ferkskynt yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân ek wer in Fryske edysje fan it Boekenweekgeschenk. Elske Schotanus tekenet foar de Fryske oersetting. Yn de Boekewike krigest it Boekenweekgeschenk – yn it Nederlânsk óf it Frysk – fergees by besteging fan € 15,00 of mear. Sjoch foar mear ynformaasje ek boekenweek.nl of boekenfanfryslan.frl en kom del yn ús boekwinkel of websjop.