Fryske Boekewike

6 maart 14 maart 2021

It is Fryske Boekewike! Keapest dizze wike in boek dan krigest dêr it Frysk Kadoboek fergees op ta. It kadoboek is dit jier skreaun troch nimmen minder as Hilda Talsma. Dus, gau nei dyn (online) boekhannel! Troch koroana is de Nationale Boekenweek ferpleatst nei de simmer. Dat bestjut dat it Nationale Boekenweekgeschenk skreaun troch Hanna Bervoets, it Boekenweekessay fan Roxane van Iperen én de Fryske edysje fan it Boekenweekgeschenk oersetten troch Baukje Zijlstra dan te krijen binne. By it CPNB sitte se lykwols net stil! Sjoch foar aktiviteiten en mear ynformaasje op www.cpnb.nl.