Nasjonale Foarlêsdagen 2019

23 jannewaris 2 febrewaris 2019

Mei de Nationale Voorleesdagen is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0 o/m 6 jier. Alle jierren wurdt der in ‘printeboek fan it jier’ útkeazen en yn 2019 is dat ‘Een huis voor Harry’. Dat prachtige printeboek is no ek yn it Frysk ferskynd: ‘In hûs foar Harry’ en is fansels te keap yn de boekhannel mar ek fia ús webshop. Foar pjutte- en beukerliedsters is der in moaie lesbrief by it boek makke. Op de nije Tomke webside kinst ‘m downloade!