Berneboeke-buorrel Sluisfabriek Dr8888

20 septimber

Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, nûget dy út foar de netwurk-Berneboekebuorrel op freed 20 septimber om 16.00 oere yn De Sluisfabriek yn Drachten. Do bist fan herten wolkom om mei-inoar by te praten oer berneboeken en tips foar aktiviteiten by de boeken en by it (foar)lêzen. Dizze middei is spesjaal foar minsken út it boekefak: skriuwers, yllustratoaren, foarmjouwers, oersetters, bibleteekmeiwurkers, amtners, útjouwers, boekhannelaren, ensfh. Byprate, nije minsken kennen leare, hapkes, drankjes, nijtsjes. Koartsein: gesellich en sinfol!