Foto: www.sirkwy.frl

Nije foarstelling én boek fan Bennie Huisman

27 septimber 28 septimber 2019

Súdwestlik fan Snits leit Sânfurd. It doarpke ynspirearre Bennie Huisman 20 jier lyn ta in lietsje en in novelle. Dy novelle is no útgroeid ta in roman: Sanfirdo. Oer de tema’s út de roman – belibjen fan leafdes, sykjen nei in plak op de wrâld, sykjen nei in ‘thús’-, oer de roman sels, oer de fragen, de mooglike antwurden en benammen it sykjen giet de ‘keamerfoarstelling’ Thús. Roman en foarstelling komme tagelyk ‘ûnder de minsken’. Plak en tiid: tsjerke Sânfurd, beide jûnen om 20.00 oere. Opjaan fia info@benniehuisman.nl. Sjoch ek www.sanfurd.nl.