Oanbieding ‘Fete’ en ‘De striid fan Grutte Pier’ yn Museum Dokkum

1 febrewaris

Fannemiddei om 16.00 oere is de offisjele iepening fan de eksposysje ‘Fete & Grutte Pier, Fryske frijheidsstriid ferbylde troch Striplân en Mudhoen’ yn Museum Dokkum. Mei de iepening binne ek de boekpresintaasjes fan ‘Fete’ (Skelte Braaksma, Striplân) en ‘De striid fan Grutte Pier’ (Mudhoen). De earste eksimplaren sille respektivelik oanbean wurde oan skriuwer Willem Schoorstra en âld-konservator fan it Fries Museum Evert Kramer. De eksposysje jout spesjaal omtinken oan beide nije strips mar jout ek in breed byld fan it folsleine wurk fan de striptekenaars. Foar mear ynformaasje sjochst op museumdokkum.nl.