Oanbieding nije Skriuw- en Staveringsline op IBS ‘t Pompeblêd, De Westereen

1 july

Hjoed wurdt op basisskoalle ’t Pompeblêd yn De Westereen it earste eksimplaar útrikt fan de nije Fryske lesboekjes Kreatyf Skriuwen en Staveringsline. Dé nije, ynspirearjende metoade foar Frysk skriuwen en staverjen op de basisskoalle! De boekjes binne ûntwikkele foar de groepen 5 o/m 8 fan it primêr ûnderwiis. De nije metoade befettet lesmateriaal dy’t sawol de kreativiteit as de taalfeardigens stimulearret. Foar de learkrêft is der in praktyske hantlieding by makke. Fan no ôf te bestellen fia ús websjop. Sjoch ek taalplan.frl.