Elske Schotanus, foto: Jacob van Essen

Oarloch en boogiewoogie mei Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides

31 oktober

Hjoed om 15.00 oere yn it Jabikshuus, Groate Kerk, Sint Jabik (ynrin fan 14.30 oere ôf). De skriuwers Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides hâlde in koarte lêzing oer harren wurk, lêze foar en ​sille yn petear mei elkoar en it publyk. De lêzings wurde ôfwiksele mei live boogiewoogie-muzyk troch Hein Jaap Hilarides. Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober sechtjin literêre optredens rûnom troch Fryslân mei fjouwer skriuwersduo’s. Sjoch foar mear ynformaasje oer de optredens, data en plakken op www.boekenfanfryslan.frl.