Hein Jaap Hilarides

Oarloch en boogiewoogie mei Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides

2 oktober

Hjoed om 15.00 oere yn Lewinski, Snits (ynrin fan 14.30 oere ôf). De skriuwers Elske Schotanus en Hein Jaap Hilarides hâlde in koarte lêzing oer harren wurk, lêze foar en ​sille yn petear mei elkoar en it publyk. De lêzings wurde ôfwiksele mei live boogiewoogie-muzyk troch Hein Jaap Hilarides. Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober sechtjin literêre optredens rûnom troch Fryslân mei fjouwer skriuwersduo’s. Reservearje foar dit optreden yn Snits dochst fia https://lewinski.stager.nl/web/tickets/111110132. Mear ynformaasje oer de oare optredens, data en plakken fynst op ww.boekenfanfryslan.frl.