Oer Alles – it wurk fan Eppie Dam
De Academie van Franeker organisearret in spesjale dei oangeande it wurk fan skriuwer/dichter Eppie Dam (1953), winner fan de Gysbert Japicxpriis. Dam is in ‘wenbaar’ skriuwer mei in grut en alsidich oeuvre. It projekt hjit dêrom ‘Oer Alles’, in term út it Frysk damjen.
Op freed 25 oktober wurdt moarns yn de Koornbeurs yn Frjentsjer it earste eksimplaar oanbean fan Dams autobiografy yn fersfoarm. Literêr kritikus/dichter Abe de Vries jout in wurdearring fan it wurk fan Dam en Omrop Fryslân’s FryslânDOK toant de premjêre fan in dokumintêre oer Dam. Middeis binne der workshops yn de Koornbeurs en de biblioteek. Mear ynformaasje folget…