Foto: Joyce-Schotsborg

Oer fytse en hurdfytse mei Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper

13 oktober

Om 20.00 oere yn herbech De Friezinn, Westhoek (ynrin fan 19.30 oere ôf). De skriuwers Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper gean mei-inoar yn petear oer fytse en hurdfytse. Geart Tigchelaar fertelt oer syn psychologyske fytsroman ‘Om’, oer haadpersoan Ate dy’t in fytsreis ûndernimt nei de Noardkaap om ôf te weven mei it ferline. Elmar Kuiper fertelt oer syn aventoeren op de fyts as hurdfytser fan LWV De Friesche Leeuw. Dêrneist sil hy wurk foarlêze dat ynspirearre is op Geart Tigchelaars ‘Om’. It optreden fan Geart en Elmar wurdt ôfwiksele mei muzyk fan muzikant Jan de Vries dy’t dit jier ûnder de namme Keel de CD ‘JJ Cale in ’t Bildts’ útbrocht, mei nûmers fan J.J. Cale yn it Bilts. Sjoch ek boekenfanfryslan.frl.