Foto: Niels Westra / Leeuwarder Courant

Online boekpresintaasje nije roman Geart Tigchelaar

5 maart

Hjoed presintearret Geart Tigchelaar syn twadde roman, Om. Geart en syn fyts. Stadichoan is dat in bekend span wurden. Yn Om hat er inkelde ûnderfinings dy’t er ûnderweis opdien hat, ferwurke ta in – sa’t er it sels neamt – psychologyske fytsroman. Stap by haadpersoan Ate efterop en fyts mei troch Dútslân, Denemarken en Sweden. Ate is nammentlik fan doel en fyts nei de Noardkaap, om sa ôf te weven mei syn ferline. De presintaasje, mei gastoptredens fan Elmar Kuiper en Jan de Vries, fynt om 16.00 oere digitaal plak op de Facebookside en it Youtubekanaal fan de Afûk. Sjoch ek https://youtu.be/QOWMRZ4QV3o en bestel it boek yn ús websjop.