Foto: www.sirkwy.frl / Tresoar

Optreden Cornelis van der Wal op Transpoesie festival

14 oktober

Fan 23 oant en mei 21 oktober is yn Brussel én online it Transpoesie festival mei ferskate eveneminten rûnom it tema To be in the (k)now – poetry as a means of social expression. It festival wol dêrmei û.o. it bewustwêzen fan it taalferskaat binnen Europa fergrutsje. Op 14 oktober sil Cornelis van der Wal in optreden fersoargje tegearre mei fiif oare dichters út ferskate Europeeske regio’s. Neist foarlêze út har eigen wurk sille se ek yn petear oer hoe’t poëzij omgiet mei it ûnderwerp Frijheid en Identiteit. Mear ynfo fia www.transpoesie.eu.