Oudheidfestival by Tresoar
16 maart
Op sneintemiddei slút Tresoar de “week van de klassieken” ôf mei ferskate aktiviteiten by it “Oudheidsfestival“. Meld dy oan foar in lêzing oer Grykse myten en goaden of ûntdek de âldheidskundige kolleksjes fan Tresoar! Wêr wie Zeus allegearre mei dwaande en wat is it âldste boek fan Tresoar? Foar de bern is der in kolleezje oer misdie en straf yn it Romeinske Ryk. Wiene der yn dy tiid bygelyks ek plysjes op strjitte? De Afûk sil ek oanwêzich weze mei in boekferkeap en it nije stripboek oer de Romeinen kin dêr fansels net by ûntbrekke!