Performance kursisten berneliteratuer

10 juny

De ôfrûne moannen hawwe acht kursisten yn acht lessen de kursus Berne- en jeugdliteratuer folge oan de Skriuwersfakskoalle. Under lieding fan Paul van Dijk ha se dwaande west mei it skriuwen fan gedichten, ferskes, koarte ferhalen, printeboeken ensafierder hinne. Jûn litte de kursisten fan harren hearre en litte sy yn in performance sjen wat se dien hawwe. De Berneboeke-ambaassadeur is der by!