Foto: Ton Groot Haar

Poetry & Storytelling Festival

13 jannewaris
| 15:30

Tidens de earste edysje fan it Poetry & Storytelling Festival yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert genietest ûnder it genot fan in drankje fan poëzij, ferhalen, taal op byld en muzyk. Sawol nije skriuwers en dichters as ‘feteranen’ fersoargje optredens mei nij wurk. Mei bydragen fan û.o. Arjan Hut, Geart Tigchelaar, Marrit Jellema, Jonas Müller en Ria Westerhuis. Foarôfgeand -fan 13.30.-15.30 oere- is der in masterclass poëzij, fersoarge troch Arjan Hut. Dielname is fergees maar opjaan ferplicht: fol=fol! Foar mear ynformaasje, it bestellen fan kaarten en it opjaan foar de masterclass giest nei www.deharmonie.nl.