Praat mar Frysk kroechkwis yn Wergea

18 oktober

De Praat mar Frysk-kroechkwis is de leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân! In pear kear per jier strike wy del yn de gesellichste kroegen fan Fryslân mei fragen oer de Fryske taal en kultuer. Fannejûn is it feest yn kafee ’s Lands Welvaren yn Wergea. Om 19.30 oere geane we los. Teams fan 1-6 persoanen kinne har oanmelde fia praatmarfrysk@gmail.com of fantefoaren oan de bar. De Praat mar Frysk-kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch de Afûk, Weidenaar Worst, Sonnema en Drukkerij Van der Eems.