Praat mar Frysk taalpraatsje

20 febrewaris

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plm. 11.00  oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Om ’e 14 dagen hearst by Muzyk yn Bedriuw de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan guon wurden, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Mirjam yn de útstjoering.