Praat mar Frysk taalpraatsje

22 april

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 11.00 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Om ’e 14 dagen hearst by it programma ‘Muzyk yn Bedriuw’ de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Sito yn de útstjoering.