Praat mar Frysk taalpraatsje
Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer nijs út oare lytse taleregio’s en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed stiet der in bedriuw sintraal.