Foto: Omrop Fryslân

Praat mar Frysk taalpraatsje

13 oktober

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om plusminus 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer projekten, aktiviteiten en aksjes, oer nije boeken en apps, oer optredens fan skriuwers en dichters, oer it plak fan it Frysk by bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Fokke yn de útstjoering.