Praat mar Frysk Taalpraatsjes op ‘e radio – oktober
Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje alle tongersdeis om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en nijsgjirrige tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan skriuwers of dichters, it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! 3 okt: Sito (Praat mar frysk), 10 okt: Mirjam (Fergetten wurd), 17 okt: Tineke (Frysk op ‘e dyk), 24 okt: Dieuwke (heit&mem), 31 okt: Sito (Praat mar Frysk).