Presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Lexicon Frisicum

26 febrewaris

It Lexicon Frisicum fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) kin sjoen wurde as it begjin fan de leksikografy fan it moderne Frysk. It lexicon hat úteinlik laat ta it wittenskiplike Wurdboek fan de Fryske taal (1984-2011) en alderhande oare wurdboeken dy’t by de Fryske Akademy ferskynd binne. Fan 2018 oant 2020 is wurke oan it tagonklik meitsjen fan it Lexicon Frisicum mei leksikograaf Anne Dykstra is lûker fan it mânske projekt. Nei in ynlieding troch dr. Anne Dykstra wurdt de oersetting hjoed op it provinsjehûs oan Kommissaris fan de Kening drs. A.M.M. Brok oanbean. útnûging presintaasje oersetting Lexicon Frisicum