Presintaasje Grutte Foarlêsboek, diel 2

9 novimber

It Grutte Foarlêsboek kriget in ferfolch mei in diel 2. Diel 2 is lykas it earste diel in feestje om te sjen en út foar te lêzen. Yn it boek fynst mear as sechtich moaie ferhaaltsjes, gedichtsjes en ferskes oer fan alles en noch wat: kabouters, bisten, letters, fiters, Tomke en noch folle mear. Alles mei al like moaie yllustraasjes. Alles fan Fryske boaiem. De presintaasje is fannemiddei om 14.00 oere yn De Fabriek yn Wergea by de iepening fan it 10-jier jubileumfeest fan heit&mem. It Grutte Foarlêsboek diel 2 is fan hjoed ôf te keap yn alle Fryske boekhannels of fansels yn ús webshop.